Húslik geweld yn Ljouwert

09 des 2012 - 13:50
  • Geweld

In Ljouwerter (38) is sneontenacht oanhâlden foar húslik geweld en bedriging. Hy hie thús út lilkens guod fernield en syn 40-jierrige freondinne bedrige. Dêrnei wie er útnaaid mei de hûn. De plysje spruts him oan op de Kanaalwei. De man hise doe syn hûn op tsjin de plysjes, mar hy waard tsjin de grûn wurke en yn de boeien slein. De Ljouwerter misledige de aginten en drige harren mei de dea.

De fertochte wie dronken. As er syn roes útsliept hat, wurdt er ferheard. Syn freondinne hat oanjefte tsjin him dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)