Húskes foar sikehûs Mozambyk

27 nov 2013 - 11:50

De Antonius Soarchgroep hat meiholpen oan de bou fan in wc-gebou by in sikehûs yn Mozambyk. It sikehûs stiet yn in stêd mei mear as 120.000 ynwenners, grutter as Ljouwert. Oant no ta hiene de sikehûsbesikers gjin húskes, mar allinnich in gat yn de grûn mei in stik hout derfoar om de fuotten op te setten. It nije gebou hat trije húskes foar de froulju en in pisbak foar de manlju mei oan de sydkanten waskbakken. De bou is yn augustus begûn en no hast hielendal klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)