'Húskeamergefoel' foar Harmonie

26 aug 2004 - 12:31

Skouboarch De Harmonie yn Ljouwert is oergien op in nije hússtyl. Der is in nij logo en it gebou is 'oanklaaid' mei nije keunstwurken. Sa is yn de foyer in grutte koekoeksklok delset dy't oanslute moat by it 'húskeamergefoel'.

Dat 'húskeamergefoel' is tagelyk ek it tema fan it kommende teaterseizoen, dat meikoarten út ein set. Op snein 19 septimber hâldt De Harmonie yn Ljouwert iepen hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)