Húsdokters stake nije wike net

28 maaie 2005 - 10:23

De Fryske húsdokters sille nije wike net mear stake. De lanlike húsdoktersferiening hat dat besletten en de Fryske aksjelieders folgje dat beslút. Freed kaam der in ein oan in trije dagen lange staking. De dokters binne it net iens mei de yntroduksje fan marktwurking yn de soarch troch minister Hoogervorst fan Folkssûnens.

Der wurdt kommende wike wer oerlein tusken de minister en de húsdokters. De stakings binne dêrom fan de baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)