Húsdokters Skier wolle opstappe

26 jul 2001 - 00:00

Der binne op 'e nij problemen mei de húsdokters op Skier. De twa nije dokters driigje op te stappen. Neffens harren hâldt Soarchfersekerder De Friesland har net oan ôfspraken.

Nei in lange syktocht nei in nije dokter foar it eilân ferline jier, wie De Friesland ree ekstra lean te beteljen oan de dokters. Dizzen sizze lykwols dat se it jild noch hieltyd net krigen ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)