Húsdokters nei dokterswacht

14 feb 2011 - 13:56

Alle fjouwer húsdokterpraktiken yn de gemeente Ferwerderadiel hawwe besletten om harren oan te sluten by de dokterswacht Fryslân. It giet om de húsdokters yn Ferwert, Burdaard, Marrum en Hallum.

De pasjinten kinne fan 1 maart ôf bûten de praktyktiden terjochte by de húsdokterspost yn Dokkum by sikehûs De Sionsberg. Alle pasjinten fan 'e húsdokters binne mei in brief ynformearre oer de feroaring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)