Hûsdokters meitsje faker ECG

17 nov 2010 - 19:28

Fryske húsdokters sille tenei folle faker ECG's (hertfilmkes) fan pasjinten meitsje. Dat wurdt mooglik makke troch in kompjûterprogramma en in spesjaal ECG-apparaat dat troch Mortara Instrument BV ûntwikkele is.

Dêrmei kinne elektrokardiogrammen fuortdaliks troch de húsdokter trochstjoerd wurde nei de kardiolooch yn it MCL. Dy kin dan yn neadgefallen in diagnoaze stelle wylst de pasjint noch by de húsdokter op de tafel leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)