Húsdokters: jild spilet in rol

15 aug 2013 - 14:19
  • Soarch

Pasjinten sjogge hieltyd faker ôf fan behanneling, ûndersyk en medikaasje fanwege it hegere eigen risiko. Dat seit foarsitter Bart Maats fan de Fryske feriening fan húsdokters. Neist de Fryske sikehuzen is ek yn de húsartsepraktyk goed te fernimmen dat pasjinten earst in finansjele ôfwaging meitsje foardat se om behanneling troch in fysioterapeut of psycholooch freegje. Yn guon gefallen liedt dat der ta dat minsken siker wurde en djoerdere behanneling nedich hawwe.

Neffens in enkête fan de lanlike feriening fan húsdokters fynt in lytse 70 prosint fan de dokters it eigen risiko it ferlienen fan optimale soarch behinderet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)