Húsdokter Skier mei pinsjoen

31 maaie 2014 - 15:31
  • Húsdokter

Húsdokter Dick Zaal fan Skiermûntseach is offisjeel mei pinsjoen. Zaal hie in skoft in konflikt mei de oare húsdokter fan it eilân, Pauline Kouwenhoven. Sy woe har net ynkeapje yn de maatskip fan Zaal, mei as gefolch dat der twa praktiken op it eilân ûntstienen.

Mei bemiddeling fan soarchfersekerder De Friesland is in oplossing fûn: Zaal hâldt mei yngong fan 1 juny op en Kouwenhoven nimt de pasjinten oer. Wa't dat net wol, kin nei in húsdokter op de fêste wâl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)