Hûs yn Rinsumageast útbaarnd

31 maaie 2004 - 00:00

Twa ynwenners fan Rinsumageast binne sneintemoarn betiid ferwûne rekke by in brân yn har hûs. De man (27) en frou (26) binne mei longklachten oerbrocht nei it sikehûs yn Dokkum. Se binne in pear oeren letter wer ûntslein.

De brânwacht fan Dongeradiel en Damwâld koe net tefoaren komme dat it hûs oan de Tjaerdawei útbaarnde. De technyske resjerzje ûndersiket hoe't de brân ûntstien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)