Hús yn Ljouwert besketten

12 maaie 2014 - 09:57

In wenning oan de M.H. Trompstrjitte yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein besketten. De bewenster seach sneintemoarn twa gatten yn in rút oan de foarkant fan it hûs. Undersyk fan de plysje wiisde út dat in oantal omwenners nachts om 3.30 oere hinne knallen heard hiene. Ien fan har hie ek in man sjoen.

De plysje fûn yn de buert fan de besketten wenning meardere hulzen oan. De plysje hat noch gjin idee wêrom't der sketten is en hâldt der rekken mei dat der by fersin op it rychjeshûs sketten is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)