Hûs yn Easterlittens fol reek nei koartsluting yn ôfsûchkape

20 aug 2015 - 14:12

Oan de Flaemske Banken yn Easterlittens stie tongersdeitemiddei in hûs fol mei reek. De oarsaak wie koartsluting yn de ôfsûchkape. De bewenners fan it hûs wienen sels net thús, mar in buorfrou hearde de reekmelder ôfgean.

Sy belle de brânwacht. Dy hat it hûs fentilearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)