Hûs útbaarnd yn De Wylgen, gjin slachtoffers

30 des 2015 - 06:01
  • It hûs stie fan foar oant achter yn de brân
  • Der kaam in soad reek frij by de brân
  • Fan de wenning is net folle mear oer

By in fûle brân is woansdeitemoarn in wenning oan de Drachtster Heawei yn De Wylgen ferlern gien. De brânwacht krige om ûngefear healwei fiven de earste melding. De brânwacht skaalde al gau op nei middelbrân.

De brân is nei alle gedachten ûntstien op de earste ferdjipping. Dat docht bliken út in earste analyze troch de brânwacht. By de brân gie it wenhûs folslein yn flammen op. De bewenner koe der mei help fan buorlju feilich útkomme.

It koste de brânwacht in soad muoite om it fjoer te bestriden. Sa moast it wetter fan in pear hûndert meter fierderop helle wurde. In skuorre neist it wenhûs koe wol rêden wurde. Om goed seis oere wie de brân ûnder kontrôle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)