Hûs útbaarnd op it Hearrenfean

17 jan 2005 - 10:22

In hûs oan de Wielen op it Hearrenfean is sneintemiddei folslein útbaarnd. De brân ûntstie flak neidat der in eksploazje heard wie. De oarsaak hat nei alle gedachten koartsluting yn in droeger of de tillevyzje west. De brânwacht tocht earst dat der asbest frijkaam wie, mar dat wie net it gefal.

Bewenners fan de Wielen hawwe in skoft sûnder stroom sitten. It enerzjybedriuw hat dat letter sneintemiddei ferholpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)