Hûs út Romeinske tiid fûn

04 jan 2006 - 16:44

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert ha argeologen oerbliuwsels fan in hûs út 'e Romeinske tiid fûn. It giet om in frij seldsume fynst, sa seit de gemeente Ljouwert. Der binne parten fan houten peallen bleatlein, dy't nei alle gedachten út de twadde of tredde ieu nei Kristus stamme.

Op it plak wurdt in parkeargaraazje boud. Argeologysk ûndersyk hat al folle mear bysûndere fynsten oplevere, mar noch net lykas dizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)