Hûs-oan-hûskrante oer Saailân

10 jan 2006 - 09:40

De Socialistische Partij sil de ynwenners fan Ljouwert mei in hûs-oan-hûskrante op de hichte bringe fan de plannen foar it Saailân yn de stêd.

De krante behannelet ferskate ûnderwerpen. Sa wurdt it histoarysk karakter fan it Saailân beskreaun en stelt de SP de risiko's fan de plannen oan de oarder. De fyzje fan de partij wurdt ek ferwurde. De krante ferskynt yn in oplaach fan 15.000 eksimplaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)