Hûs-oan-hûs-blêden fia FRL

24 feb 2011 - 19:06
  • Foto: FRL Verspreidingen

Sân regionale en lokale hûs-oan-hûs kranten fan de NDC Mediagroep yn Fryslân wurde fan 1 april ôf hûs-oan-hûs ferspraat troch FRL Verspreidingen út Ljouwert. It giet om sân titels.

It Ljouwerter bedriuw nimt it wurk oer fan Interlanden Spreigroep dat op 1 april ôphâldt te bestean. Besoargers fan Interlanden kinne har by FRL oanmelde as se har baantsje ek nei 1 april hâlde wolle. Foar de besoarging fan de 300.000 kranten binne goed tûzen besoargers nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)