Hûs Nij Beets ferkocht

15 nov 2010 - 17:17

It hûs oan de Van Eedenstrjitte yn Nij Beets dêr't Sietske H. jierrenlang mei har âlden wenne hat, is ferkocht. Op de souder fan de wenning waarden begjin augustus fjouwer deade poppen yn koffers fûn. It hûs wie eigendom fan wenningbouferiening Elkien, dy't it tongersdei ferkocht hat.

Elkien wol net sizze oan wa't de wente ferkocht is en oft it om minsken út 'e omkriten giet. Tiisdei moat Sietske H., de mem fan de poppen, yn in pro formasitting foar de rjochter ferskine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)