Hûs Jasper S. frijjûn

21 nov 2012 - 14:53
  • Hûs Jasper S. fan boppe

De pleats fan de 45-jierrige fertochte yn de saak Vaatstra yn Aldwâld is wer frijjûn troch de plysje. Ek de Allemawei dêr't de pleats oan leit is wer tagonklik foar it ferkear. Alle plysjeôfsettings binne fuorthelle.

By de pleats stiet noch wol in wein fan in befeiligingsbedriuw mei kamerabewaking, dy bliuwt dêr noch seker oant nei it wykein stean. Yn it doarp is it ek woansdei wer ridlik rêstich. De measte sjoernalisten en kameraploegen hawwe Aldwâld yntusken wer ferlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)