Hûs fol wyt ûntromme

06 apr 2008 - 14:32

Yn 'e Twadde Rembrandtstrjitte yn Ljouwert is in yllegale himpkwekerij mei 600 planten ûntromme. De planten stiene troch it hiele hûs hinne. Sels de keukenkastjes wiene yn gebrûk foar de wyttylt. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei klachten út 'e buert oer stank.

It enerzjybedriuw hat oanjefte dien fan yllegaal ôftaapjen fan stroom. It is noch net bekend wa't de bewenner is en oft dy sels ek de himp kweekte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)