Hûs ferlern by brân It Fean

21 aug 2013 - 06:12
  • Brân Herenwal op It Hearrenfean

In hûs oan de Herenwal yn It Hearrenfean is woansdeitemoarn folslein útbaarnd. De brânwacht hie grutte muoite om it fjoer ûnder kontrôle te krijen. De flammen wiene meters heech. Wol koe de brânwacht foarkomme dat it fjoer oersloech nei oare gebouwen. De oarsaak fan de brân is noch net bekend. Foar safier't bekend is, binne der gjin minsken ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)