Hûs fan bewar giet ticht

22 des 2000 - 18:04

De Blokhuispoort yn Ljouwert slút oer fiif jier de doarren. Dizze sluting is in gefolch fan ûntwikkelings yn Grins. Dêr giet ek it hûs fan bewar ticht. It is de bedoeling dat der no ien nij hûs fan bewar yn Grins boud wurdt.

It nije gebou krijt in gruttere kapasiteit. De maatregel is nommen fanwege it hieltyd grutter wurdende te koart oan sellen yn it westen fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)