Hûs en oldtimers ferlern by brân

22 okt 2004 - 15:47

By in grutte grute brân yn Sint Jabik is freedtemoarn in hûs folslein ferlern gien. De twa bewenners fan it hûs koene har yn feilichheid bringe. It hûs wie twa jier lyn folslein restaurearre. Tweintich brânwachten moasten it fjoer bestride, dat yn de skuorre achter it hûs ûntstien wie. Yn de skuorre stiene in stikmannich antike auto's dêr't in oantal ek ferlern fan gien is. Mooglik is it fjoer ûntstien yn in houtkachel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)