Hûs en Hiem net bliid mei 'trúk' Hearrenfean

24 nov 2014 - 21:41
  • Gemeente It Hearrenfean

Wolstânskommisje Hûs en Hiem hat it smoar yn dat de gemeente Hearrenfean minder gebrûk meitsje wol fan de tsjinsten fan de kommisje. Neffens Hearrenfean hat de gemeente saakkundige amtners, dy't no ek al faak belutsen binne by de advysoanfragen. Dy kinne it wurk fan Hûs en Hiem oernimme.

Allinnich foar lestige projekten freget Hearrenfean noch advys by de wolstânskommisje en dêr is Hûs en Hiem net bliid mei. Direkteur Marc Visser tinkt dat Hearrenfean besiket ûnder in boete út te kommen, dy't by it ferlitten fan de kommisje heart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)