Hurdsyldei lûkt goed 5000 minsken nei it Starteilân

05 aug 2015 - 20:06

De 200e Hurdsyldei yn Snits hat nei skatting fan de plysje sa'n 5000 besikers nei it Starteilân lutsen. Fanwege it jubileum fan de hurdsyldei waard der oarsom starten. Gewoanwei is de start op de Snitser Mar by it startskip, mar dit jier lei dêr de finish. Dat smiet in unike situaasje op, omdat alle dielnimmende sylboatsjes no foar de wyn starte koenen.

In spesjale dei wie it ek foar Dirk van der Zee. Hy waard earder al beneamd ta skipper yn de Oarder fan de Sneker Pan en krige in rûnfeart op de mar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)