Hurdrydkontrôle op 'e Lemmer

05 sep 2012 - 11:08
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje hat tiisdei fjouwer oeren lang op de Plattedyk op 'e Lemmer kontrolearre op te hurd riden. Omwenners kleie dêr geregeld oer. Hast 1400 ferkearsdielnimmers binne kontrolearre. Fan harren rieden 57 oer de tastiene 70 kilometer. De grutste skeiner hie 102 kilometer op de teller te stean.

It gie om in radarkontrôle. Minsken dy't yn 'e fout gien binne, krije in bekeuring thússtjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)