Hurdrinner helpferliener yn FS

05 nov 2012 - 16:43
  • Piet Boelens

Fysioterapeut Piet Boelens fan Kollumersweach hat him yn New Jersey ynskreaun as paramedyske frijwilliger foar help nei de stoarm Sandy fan ferline wike. Boelens wie yn New York mei in groep fan Kika om de maraton te rinnen. Mar doe't de maraton ôflast waard, hat Boelens him by it sikehûs ynskreaun as helpferliener.

De sportklean hat er ôfjûn oan Amerikanen dy't it kâld hawwe, want grutte parten fan New Jersey hawwe noch hieltiten gjin stroom en gjin ferwaarming. De befolking stelt de help fan de bûtenlânske hurdrinners wol op priis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)