Hurdriders yn 30-km-sône

26 apr 2008 - 12:36

De klachten fan bewenners fan de Frjentsjertertrekfeart yn Harns oer jakkerjende automobilisten binne terjochte. De plysje kontrolearre freed op hurd riden nei oanlieding fan dy klachten. Op it plak mei net hurder as tritich riden wurde.

Yn oardel oere tiid konstatearre de plysje dat tweintich minsken te hurd riden. Yn trochsneed rieden se fyftich kilometer yn 'e oere. De rapste bestjoerder helle santich. De plysje sil op itselde plak faker kontrolearjre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)