Hurdriders by wurk oan dyk

27 okt 2012 - 14:35

De plysje hat freedtemiddei op de A32 by Wurdum trije rydbewizen yn beslach nommen. Yn ferbân mei wurksumheden oan de dyk is de snelheid tydlik oanpast nei santich kilometer. De trije oertreders rieden tusken de 126 oant 138 kilometer oer it stik dyk dêr't wurke wurdt. Ek tongersdei binne al trije rydbewizen yn beslach nommen op de A32 by Wurdum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)