Hurdriders troch plysje pakt

25 mrt 2003 - 00:00

In ynwenner (60) fan Hurdegaryp is moandeitemiddei syn rydbewys kwytrekke nei't er mei 102 kilometer yn 'e oere troch Ljouwert ried. In Snitser (36) kaam itselde oer nei't er mei 131 de Strjitwei yn Tsjerkgaast naam. Dêr mei 80 riden wurde.

De plysje hat ek in Ljouwerter (27) oanhâlden. Dy knalde mei 140 fan Gytsjerk nei Ljouwert. Ek helle er in oare auto yn op in plak dêr't dat net mei. Syn rydbewys is ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)