Hurdriders rydbewiis kwyt

28 sep 2009 - 10:08

In 18-jierrige man út Stynsgea moast snein syn rydbewiis ynleverje, wylst er him noch mar krekt hie. De jongeman ried mear as 60 kilometer te hurd op in 80-kilometerdyk. Op de Kwelderwei by Kollumerpomp ried er 141 kilometer yn 'e oere. In 44-jierrige motorrider waard op deselde dyk op 'e bon slingere. Hy ried 149 kilometer yn 'e oere. Beide bestjoerders moasten har rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)