Hurdriders pakt en beboete yn Dokkum

12 nov 2015 - 08:26

By snelheidskontrôles lâns de Hantumerwei yn Dokkum hat de plysje woansdei twa prosessen-ferbaal útskreaun. Om't der skoallen oan de wei stean, is de maksimumsnelheid dêr 30 kilometer. Twa bestjoerders rieden 56 en sels 61 kilometer en waarden oanhâlden. It giet neffens de plysje om bewenners.

By in kontrôle op fytsferljochting op 'e Jouwer hat de plysje woansdeitejûn 34 lampkes ferkocht oan fysters fan wa't de ferljochting net goed wie. Mei de oanskaf fan de ferljochting fan 2,5 euro koene de fytsers in boete fan 55 euro ôfkeapje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)