Hurdriders op de bon slingere

07 jun 2011 - 10:19
  • Argyffoto Omrop Fryslân

De plysje hat moandei op de N381 tusken Donkerbroek en Easterwâlde 165 hurdriders bekeurd. De rapste hie 165 kilometer op 'e teller te stean. Op dat stik dyk mei net hurder as 80 kilometer yn 'e oere riden wurde.

De kontrôle wie oankundige op Twitter. Mei it nije inisjatyf wol de plysje Friezen op 'e hichte bringe fan 'e kontrôles. Dêr binne al mear as 1200 Twitterfolgers foar. Foar tiisdei is in kontrôle oankundige op de N356 tusken Dokkum en Holwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)