Hurdriders op de bon

20 jul 2010 - 10:39

De plysje hat moandei op twa klachtlokaasjes 113 boetes útskreaun foar hurdriden. Yn it Leechlân by Grou waarden goed 500 autobestjoerders kontrolearre. Fan harren rieden 42 te hurd. Op Jinshuzen yn Akkrum rieden 71 fan 'e goed 700 kontrolearre autobestjoerders te hurd. Op beide diken mei net hurder riden wurde as 80 kilometer yn 'e oere.

De rapste bestjoerder kaam yn Grou foarby. Hy stode mei 137 kilometer yn 'e oere by de plysjekontrôle del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)