Hurdriders betrape yn Drachten

30 jun 2010 - 10:28

By trije kontrôles op ferskate plakken yn Drachten binne tiisdei 414 automobilisten bekeurd omdat se te hurd rieden.

By kontrôles op de Lauwers, de Postleane en de Gauke Boelensleane waarden mei-inoar mear as 2800 automobilisten kontrolearre. Op alle diken jildt in maksimumsnelheid fan 50 kilometer de oere. De rapste bestjoerder ried mei 95 kilometer de oere lâns de plysjekontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)