Hurdrider yn Hjerbeam

20 apr 2008 - 16:01

In jongeman út Harns ried sneontenacht mei in gong fan 106 kilometer yn 'e oere troch it doarp Hjerbeam. De plysje seach dat en woe de man oanhâlde. Nei in stopteken op 'e Rykswei sette de man de auto oan 'e kant. Syn rydbewiis is ynnaam. De jonge hurdrider krige ek noch in prosesferbaal. Yn it doarp mei, lykas gebrûklik yn 'e beboude kûm, net hurder riden wurde as 50 kilometer yn 'e oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)