Hurdrider rekket rydbewiis kwyt op Heak om Ljouwert

13 jan 2016 - 07:06
  • Rydbewiis

It ferkearsteam fan de plysje hat tiisdeitejûn it rydbewiis fan in 21-jierrige automobilist út Haskerdiken ynnaam. De begjinnend bestjoerder ried mei 155 kilometer oer de Heak om Ljouwert, dêr't 100 kilometer it maksimum is.

De plysje ried langere tiid achter de bestjoerder en seach meardere oertrêdings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)