Hurdrider op Amelân oanhâlden

18 jul 2012 - 10:35
  • Amelân

In ynwenner (29) fan Veendam hat tiisdei op It Amelân proses-ferbaal krigen foar gefaarlik rydgedrach. Tsjûgen seagen de automobilist hurd riden en notearden syn nûmerboerd. Op de Strandweg seagen aginten de man riden en hâlden him oan. It die bliken dat it rydbewiis fan de man ûnjildich wie. Hy hie ek noch in boete fan 525 euro iepenstean. De man is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)