Hurdrider op A7 trappearre

12 jan 2011 - 10:20

In man (53) út Sânhuzen is tiisdeitennacht op de A7 by It Hearrenfean pakt. Hy ried 224 kilometer yn 'e oere. Plysjes trappearren de man mei in lasergun. Se joegen de man in stopteken. Nei kontrôle moast er syn rydbewiis ynleverje.

De man is syn rydbewiis lange tiid kwyt. Hy hie nammentlik ôfrûne septimber krekt syn rydbewiis weromkrigen nei in feroardieling fan acht moanne foar te hurd riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)