Hurdrider en dronken rider

06 maaie 2011 - 11:22

In 58-jierrige ynwenner fan Bakkefean moast tongersdei syn rydbewiis ynleverje foar te hurd riden. Hy ried jûns let mei 178 kilometer yn 'e oere op de A7. Dêr is 120 it maksimum.

In 22-jierrige ynwenner fan De Jouwer moast ek it rydbewiis ôfjaan, mar dan foar dronken riden. De plysje seach him tongersdeitenacht yn it doarp riden. Om't syn rydgedrach opfallend wie, waard er oan de kant set. Nei in blaastest die bliken dat er te folle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)