Hurdrider betrape op A32

23 okt 2014 - 06:13

De plysje hat woansdeitejûn op de A32 by Akkrum in 32-jierrige ynwenner fan Monako op 'e bon slingere. De man ried mei in gemiddelde snelheid fan 189 kilometer yn 'e oere oer de dyk, wylst 130 tastien is. Hy moat in boete fan 960 euro betelje.

Neffens de Ljouwerter Krante giet it om hurdfytser Lieuwe Westra. De plysje kin it rydbewiis fan bûtenlânske automobilisten foar sa'n fergryp net ynnimme. Yn oerlis mei it Iepenbier Ministearje is derom besletten om Westra in hege jildboete op te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)