Hurdfytster Alyda Norbruis operearre oan bloedfet

24 nov 2015 - 15:03
  • Alyda Norbruis (hjir yn Apeldoorn)

Hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp is moandei operearre oan in fernauwing fan in bloedfet yn har rjochterljisk. Se moat no 4 oant 6 wike refalidearje foar't se wer op de fyts stappe mei. Sneon wûn Norbruis noch de 500 meter by it NK yn Alkmaar. De hurdfytster fan Oerterp hat der alle betrouwen yn nei de operaasje wer de wrâldtop helje te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)