Hurdfytsers rjochte op Spelen

13 nov 2013 - 16:37
  • Jenning Huizenga

De Nederlânske hurdfytsers mei de Friezen Jenning Huizenga en Wim Stroetinga dogge dit jier net mei oan it wrâldkampioenskip yn Kolombia mei de ploege-achterfolging. It hurdfytsbûn hat dit beslút naam om't de hurdfytsers yn in koarte perioade twa kear nei Meksiko reizgje moatte foar wrâldbekerwedstriden. Om mei te striden om de wrâldtitel moatte de dielnimmers nammentlik meidwaan oan alle wrâldbekerwedstriden. Ek de kosten fan dizze fiere reizen spylje in rol yn it beslút.

It tariedingsskema fan de Nederlânske ploech rjochtet him no hielendal op kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro yn 2016. Jenning Huizenga jout oan dat er it spitich fynt dat er gjin wrâldbekers ride sil, mar stiet achter de kar fan it bûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)