Hurdfytser Westra stapt ôf

02 maaie 2014 - 11:19
  • Lieuwe Westra yn de kleuren fan Astana

Hurdfytser Lieuwe Westra giet net mear fan start yn de Ronde fan Romandië. Hy hat te bot lêst fan in ûntstutsen knibbel. Ferline wike foel Westra yn de Waalse Pijl. Syn knibbel moast doe hechte wurde. De ôfrûne dagen ferlear de Fries al in soad tiid yn de Ronde fan Romandië. Oan opjaan woe hy net tinke om't er syn ploechgenoaten fan Astana sa folle mooglik helpe woe. Yn in ferklearring skriuwt er no dat hy syn ferstân brûke moat en rêst nimme moat. Westra kin dan better wurde foar wichtigere rittekoersen lykas de Dauphiné en de Tour de France.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)