Hurdfytser Stroetinga siik

22 nov 2012 - 21:33

Baanhurdfyster Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is yn Gent yn it sikehûs opnaam mei problemen oan de galle. Hy moat yn elts gefal oant freed rêst hâlde.

Stroetinga die yn Gent mei oan de seisdaagse. Hy foarme in koppel mei Peter Schep, dy't juster wol meidie oan de yndividuele nûmers. Se stiene fjirde yn de tuskenstân, op ien ronde fan de Belgyske lieders Gijs van Hoecke en Kenny de Ketele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)