Hurdfytser Mollema earste lieder yn Ronde fan Alberta

03 sep 2015 - 09:46
  • argyffoto

Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert is de earste lieder yn de Ronde fan Alberta yn Kanada. Hy wûn woansdei mei Trek Factory Racing de ploegetiidrit oer hast 20 kilometer yn Grande Prairie. De foarsprong op it favorite Orica-GreenEdge wie mar 0,74 sekonde.

Omdat Mollema as earste fan syn ploech oer de finish kaam, mei hy tongersdei de earste liederstrui oanlûke. It wie foar him in primeur. Nea earder yn syn karriêre wûn Mollema in ploegetiidrit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)