Hurde wyn soarget foar skea op ferskate plakken yn Ljouwert

03 jun 2015 - 08:20
  • De heechwurker yn aksje by de Blokhúspoarte

By de Blokhúspoarte joech tiisdeitejûn in dakrâne belies troch de hurde wyn. De Keizersgrêft yn de binnenstêd waard in skoft ôfsletten om it opstellen fan in heechwurker mooglik te meitsjen. De brânwacht koe de losse dakplaat ridlik fluch ferwiderje. De oare parten fan de dakrâne waarden mei spikers stevich fêstslein. Nei sa'n 45 minuten wie de brânwacht klear.

Oan de Dotingastate yn Camminghabuorren waaide in part fan de gevelplaten fan in wenhûs. Ek hjir kaam de brânwacht. As tydlike oplossing waarden de oare gevelplaten ekstra fêstset.

In part fan it stasjon yn Ljouwert is tydlik ôfsletten foar de reizgers. Ferskate dak- en plafondplaten wiene losrekke. By neier ûndersyk die bliken dat it hjir net om stoarmskea gie, mar yn skea feroarsake troch ynbrekkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)