Hurde wyn: skûtsjesilen ôfsein

17 jun 2011 - 14:54
  • Wijbe Postma (foto: Rob Pieters, Omrop Fryslân)

De sylwedstriid fan fjirtjin IFKS-skûtsjes op 'e Burgumermar fan no sneon giet oer. Neffens de organisaasje wurdt it waar sa min dat it net fertroud is om te silen. Benammen de hurde wyn kin foar gefaarlike situaasjes soargje.

It is foar de twadde kear achterinoar dat de skûtsjesylwedstriid op 'e Burgumermar net trochgean kin. De earste edysje fan ferline jier ek al ôfsein wurde. De Stifting Skûtsjesilen yn 'e Wâlden is bot teloarsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)