Hurde wyn pleaget HT-race

03 jun 2011 - 14:55

Freed binne 128 sloepen begûn oan de 37ste edysje fan de HT-sloeperace. De dielnimmers roeie fan Harns nei Skylge en hiene it dreech fanwege de hurde noardeastewyn dêr't se tsjinyn roeie moasten.

By it Schuitengat moasten guon klune. Se moasten de sloep triuwe omdat dêr fanwege de hurde wyn en leech wetter amper wetter stie. In pear moasten opjaan en binne nei Skylge sleept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)