Hurde wyn hindert seekayakkers

05 sep 2009 - 09:45

Troch it minne waar is twatredde fan de dielnimmers oan de âlvestêdetocht yn de seekayak útfallen. Fan de 22 dielnimmers roeie der noch njoggen. Freed giene de kayakkers fan start yn Frjentsjer.

In slachfjild, neamt begelieder Martin Mol de tocht. Likegoed is it team dat foarop giet, folle flugger as roeiers yn oare jierren. Se wurde sneon rûn ien oere op de finisj yn Frjentsjer werom ferwachte. De roeiers moatte foar sneon 9 oere binnen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)